Aldjiersstunt De Folgeren mei postkoade-truck mislearre

31 des 2014 - 11:51
  • De âldjiersploech woe de Postkoadelotterij-truck meinimme nei Drachten
  • De plysje makke in ein oan de stunt

Aldjiersferiening Frijsteat de Folgeren fan Drachten is troch de plysje fan Breukelen trapearre doe't se de grutte frachtwein fan de Postcode Loterij stelle woene. De frachtwein stie by in leechsteand bedriuwsgebou oan de A7 by Breukelen. Neffens in wurdfierder wie de âldjiersploech der yn slagge om de stekken by it bedriuw te iepenjen. De frachwein stie klear om fersleept te wurden, doe't de plysje kaam.

De âldjiersploech giet der fanút dat de plysje tipt is. Mei de stunt woene de leden fan de Frijsteat de jackpot nei Drachten helje.

De plysje yn Utrecht jout oan dat de manlju fan De Folgeren yndied betrape binne. Der binne gegevens noteard en dêrnei binne de Drachtsters fuortstjoerd. In wurdfierder fan de plysje ferwachtet net dat it fierder noch gefolgen hat. Dat hie in oar ferhaal west as de stellerij wol slagge wie...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)