Jildautomaten wurde foarearst wer byfolle

Wurknimmers fan jildtransporteur Brink's geane woansdei wer oan it wurk. De wurknimmers folden in oantal dagen de pinautomaten fan benammen de Rabobank net by, omdat fanwege in reorganisaasje 600 banen ferdwine. De aksjes wurde no earst stillein, omdat konsuminten der oars tefolle lêst fan krije. Boppedat jout it tiid om noch wer te ûnderhanneljen oer in oplossing.
Lanlik sieten 800 Rabo-automaten sûnder jild. Brink's hat ek in fêstiging yn Drachten.