Tal donateurs en sponsors fan De Fûgelhelling flink ôfnommen

De Fûgelhellling yn Oerterp is dit jier goed hûnderd donateurs en sponsors kwytrekke. Der sil dêrom kritysker sjoen wurde nei bygelyks de útjeften foar de oanskaf fan bistefretten. De flinke ôfname fan donateurs hat neffens behearder Hetty Sinnema meardere oarsaken. De fergrizing ûnder de fêste donateurs spilet in rol, mar ek de krisis wêrtroch partikulieren en bedriuwen better lette wêr't se jild oan útjouwe.
De Fûgelhelling hat no noch 1600 donateurs en sponsors.
Begjin takom jier wurdt mei spesjale aksjes besocht om der wer mear te krijen.