CDA: Ferkearsknipepunten yn Fryslân rap oanpakke

De CDA steatefraksje sil der by Deputearre Steaten op oantrune om de ferkearsknipepunten yn de provinsje rap oan te pakken. Dit jier binne 23 minsken yn it ferkear omkommen en dat binne der neffens de CDA'ers fierstente folle. Ferline jier wiene der 16 slachtoffers te betreurjen. Doel is om it oantal yn 2015 werom te bringen nei 14.
It CDA tinkt oan mear kontrôles troch de plysje en in oare ynrjochting fan diken op it plattelân. Gjin drompels, mar fersmellingen fan diken en bettere oerstekplakken foar fytsers.
Oer it generaal wurdt der fierstente hurd riden op diken der't it net kin. Neffens it CDA leit hjir ek in taak foar de plysje en de gemeenten.