Jongerewurk Zero yn Dokkum op hiel leech pitsje

30 des 2014 - 16:43

Jongerewurk Zero yn Dokkum kin fan 1 jannewaris ôf gjin aktiviteiten mear organisearje foar de jeugd. De Stichting wolwêzen it Bolwerk Dokkum, dêr't Zero ûnder falt, krijt minder jild fan de gemeente en dêrtroch kinne de aktiviteiten net mear betelle wurde. Wol is mei de gemeente ôfpraat dat de moetingslokaasje fan Zero it kommende healjier iepenbliuwt.

De kommende tiid binne der noch wol petearen mei de gemeente Dongeradiel om te sykjen nei mooglikheden om de aktiviteiten foar de jeugd wer op te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)