Motyf sjitpartij Essenstrjitte noch net dúdlik

30 des 2014 - 13:53

Der wienen ferskate persoanen yn de wenning oan de Ljouwerter Essenstrjitte op it momint dat dêr in man delsketten waard. Dat barde ôfrûne sneintemoarn. De plysje hat mei ûnder oare in buertûndersyk besocht mear dúdlikens te krijen oer de tadracht fan de sjitpartij, mar dat hat oant no ta noch net safolle opsmiten.

It ûndersyk rjochtet him no benammen op tsjûgen dy't sjoen hawwe wa't der allegear yn de wente wienen. It slachtoffer leit noch hieltyd yn it sikehûs. Hy wie net de bewenner fan it hûs. De man hat noch gjin ferklearring ôflein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)