Konst noch net dwaande mei wynmûneplan Ofslútdyk

Deputearre Hans Konst is net fan doel om no al ûndersyk te dwaan nei farianten foar it pleatsen fan wynmûnen yn of lâns de Ofslútdyk. Konst reagearret op de oprop fan wethâlder Gea Akkerman fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dy wol dat saken konkreet makke wurde om sa begjin jannewaris sterker te stean by ûnderhannelings mei minister Kamp fan ekonomyske saken.
Konst heart leaver earst fan de minister oft er wat fielt foar wynmûnen yn en lâns de Ofslútdyk, foardat er dat fierder útwurket.