"Nije fjoerwurkregels te let foar measte gemeenten"

De Fryske gemeenten hawwe te min tiid hân om harren ta te rieden op de nije regels foar it ôfstekken fan fjoerwurk. Pas in pear wike lyn waard dúdlik dat gemeenten sels de hânhaving dwaan moatte. Fan dit jier ôf mei der net foar 6 oere jûns fjoerwurk ôfstutsen wurde. Trochdat de meidieling sa let kaam, kinne guon gemeenten gjin ekstra minsken ynsette om der op ta te sjen dat der foar seizen net knald wurdt.
Dat seit boargemaster Sjon Stellinga fan Skiermûntseach. Hy is wurdfierder feilichheid fan de Feriening fan Fryske Gemeenten.
Oant no ta hat allinnich de gemeente Ljouwert oanjûn dat der op strjitte mear minsken tafersjoch hâlde sille.