Man mishannelet syn mem yn Bantegea
In 25-jierrige man hat yn de nacht fan moandei op tiisdei yn Bantegea syn 50-jierrige mem mishannele en bedrige. De frou rekke ferwûne oan de holle en de hals. De man, dy't gjin fêst wenplak hat, is oppakt en sit noch fêst.
Wêrom't de fertochte syn mem mishannele hat, is net bekend.