Aksjes by jildtransporteur Brink's meie trochgean

Meiwurkers fan jildtransporteur Brink's meie fan de rjochter mei har aksjes trochgean. Brink's besocht de meiwurkers dy't al sûnt dit wykein stake by de rjochter wer oan it wurk te krijen. De rjochtbank fûn lykwols dat de jildleveransier net goed genôch oantoane koe dat it troch de staking in soad skea hat. As gefolch fan de staking reitsje in soad pinautomaten leech.
De meiwurkers wêrûnder 70 minsken fan de fêstiging yn Drachten, fiere aksje om't se it net iens binne mei de grutte reorganisaasje dy't it bedriuw trochfiere wol.
Troch de reorganisaasje reitsje 600 minsken harren baan kwyt. De reorganisaasje is nedich om't de Rabobank, ien fan de grutste klanten fan de jildferfierder, it kontakt mei Brink's opsein hat.