Moadesaak Steegenga yn Balk wer gewoan iepen

30 des 2014 - 09:56

De skrik sit der noch bot yn by moadesaak Steegenga yn Balk. Moandei waarden seis minsken yn de winkel net goed troch koalmonoksidefergiftiging. Fiif fan har moasten nei it sikehûs, it gie om fjouwer personielsleden en ien klant. De measten fan harren binne yntusken wer thús. De fergiftiging ûntstie troch in lek yn de cv-ynstallaasje. Dat lek is yntusken makke en de winkel wer iepen.

Ek binne der melders ophongen yn de winkel, om werhelling foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)