Otterpopulaasje hat ferlet fan farsk bloed

Otter © Omrop Fryslân
It tal otters yn Nederlân is tanommen, mar der is ek yntylt yn de groep. Ut ûndersyk docht bliken dat der yn 2013 mei-inoar 140 otters wiene yn Nederlân, mar dat de otters hieltiid minder 'genetetyske fariaasje' hawwe. Undersyksburo Alterra hat dit tiisdei bekend makke op de website www.natuurbericht.nl.
De krekte gefolgen fan de yntylt binne noch net rjocht dúdlik, mar Alterra tinkt dat de otterwyfkes mooglik minder fruchtber wurde sille. Ek sille de jonge otters mooglik minder goed oer sykten kinne.
Neffens de ûndersikers is it dêrom nedich om op koarte termyn de otterpopulaasje út te wreidzjen mei 'farsk bloed' troch it útsetten fan otters dy't genetysk net besibbe binne oan de yn Nederlân wenjende bisten.