'Natoer winner fan weriepening Polderhoofdkanaal'

Elkenien wurdt better fan de weriepening fan it Polderhoofddkanaal tusken Nij Beets en De Feanhoop. Dat seit Sikke Marinus, ien fan de minsken dy't trettjin jier lang dwaande west hat mei de striid om it kanaal wer befarber te meitsjen. Hy soarge der yn 2002 as riedslid foar Opsterlands Belang foar dat de weriepening yn it koälysje-akkoart kaam te stean. Marinus hie net ferwachte dat de weriepening sa lang duorje soe.
"De grutste winner fan it projekt is de natoer", seit Marinus. "Foar de floara en fauna is no folle mear romte.''
It Polderhoofdkanaal wurdt tiisdei om 14.00 oere offisjeel iepene. It projekt hat sa'n 20 miljoen euro koste.