Provinsje moat opsjitte mei meitsjen wynmûneplan Ofslútdyk

29 des 2014 - 22:03

Deputearre Hans Konst moat faasje meitsje mei it ûntwikkeljen fan in plan foar it pleatsen fan wynmûnen op en lâns de Ofslútdyk. Dat wol Gea Akkerman, wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Op 7 jannewaris takom jier hawwe de provinsje en de gemeente Súdwest-Fryslân in belangryk oerlis mei minister Kamp.

Akkerman wol sterk stean yn dat oerlis en Kamp oertsjûgje fan wynenerzjyproduksje yn it gebiet fan de Ofslútdyk en net yn in grut park yn de Iselmar.

Twa dagen foar it oerlis komt de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân noch gear om te praten oer de grutte fan it wynmûnegebiet en wêr't de mûnen krekt boud wurde meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)