Koalmonoksidefergiftiging yn Balkster moadesaak

29 des 2014 - 18:10

Yn in moadewinkel oan de Van Swinderenstrjitte yn Balk binne moandeitemiddei seis persoanen út de tiid rekke, mooglik as gefolch fan in koalmonoksidefergiftiging. Fiif minsken binne nei it sikehûs brocht.

De oarsaak fan de fergiftiging hat sa goed as wis in lek yn de ôffier fan in cv-ynstallaasje west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)