Tiisdei útspraak oer staking by jildtransporteur Brink's

Personiel fan Brink's by eardere aksjes © ANP
De rjochtbank yn Utrecht docht tiisdei útspraak oer de staking by jildtransporteur Brink's. Meiwurkers, wêrûnder santich minsken fan de fêstiging yn Drachten, stake al meardere dagen om't se it net iens binne mei in grutte reorganisaasje fan it bedriuw. Dêrtroch soenen 600 minsken op strjitte komme te stean. De reorganisaasje is nedich om't de Rabobank, ien fan de grutste klanten, it kontrakt mei Brink's opsein hat.
As gefolch fan de staking binne lanlik al hast 250 pinautomaten leech. Brink's wol de aksje dêrom ferbiede fia de rjochter.
De transporteur sei moandei by de behanneling fan it koart pleit dat it oantal lege automaten ferdûbele wurdt as de staking trochgiet. Om't de rjochter pas tiisdei útspraak docht, giet de aksje fan it personiel oant dy tiid troch.