Krystkongres: Fryslân, in Apart Lân: bybliuwe of ôfskiede?

29 des 2014 - 14:02

Fryslân, in Apart Lân: bybliuwe of ôfskiede? Dat is it tema fan it krystkongres dat organisearre is troch de twa grutste Fryske studinteferienings fan Nederlân: Bernlef fan Grins en W.S.S.F.S. fan Wageningen. It kongres wurdt moandei en tiisdei hâlden yn de Bogt fen Guné yn Frjentsjer.

Foar it tema is sjoen nei Skotlân en Kataloanië. Sy hawwe dit jier beide in referindum hâlden oer ûnôfhinklikens. Dizze referindums pakten foar beide lannen oars út. De studinteferienings wolle in diskusje op gong bringe.

It krystkongres wurdt foar de 82e kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)