Goed jier foar Fryske museums; mear besikers as yn 2013

29 des 2014 - 12:00
  • Fries Museum yn Ljouwert

De Fryske musea ha in goed jier achter de rêch. Der kamen dit jier 969.000 besikers nei de 75 Fryske museums. Dat binne der 100.000 mear as yn 2013. Mirjam Pragt, direkteur fan de Museum Federaasje, tinkt dat der noch mear mooglik is. De museums dogge it sa goed omdat der in soad aktiviteiten en tentoanstellings organisearre wurde.

It Fries Museum hat mei 110.000 besikers de meast minsken oer de flier hân, folge troch it Natuer Histoaryskmuseum yn Ljouwert mei 64.000 besikers.

It planetarium yn Frjentsjer, Belvédère op It Hearrenfean skoarden tusken de 45.000 en 50.000 besikers. Fan de lytse museums binne der 26 dy't mear besikers hiene as ferline jier.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)