Man út Feanwâlden slacht plakgenoat mei bakstien

29 des 2014 - 11:12

In 27-jierrige man út Feanwâlden is sneintemiddei oppakt om't er in plakgenoat mei in bakstien slein hat. De fertochte hie earder op de dei rûzje hân mei it 39-jierrige slachtoffer. Doe't dy letter op de middei yn de Haadstrjitte op 'e nij de Feanwâldster tsjin it liif rûn, waard er mei de bakstien meardere kearen op de holle slein.

Ek krige er skoppen fan de fertochte en in oare man. Nei buertûndersyk is de 27-jierrige man oppakt.

Trefwurden: 
Feanwâlden bakstien
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)