Mear meldingen fan akute Hepatitis B by GGD Fryslân

GGD Fryslân hat dit jier mear meldingen krigen fan minsken mei in akute Hepatitis B ynfeksje. Yn totaal wienen der fyftjin minsken dy't de besmetting melden: 12 manlju en 3 froulju. De ôfrûne jierren kamen der lykwols net mear as fiif meldingen binnen by de GGD. Hepatitis B is in besmetlike sykte. It firus makket de lever siik. Klachten binne grypferskynsels lykas pine yn 'e búk of in ûntstekking fan de lever.
Yn it MCL yn Ljouwert is in spesjaal behannelsintrum foar hepatitis. Fierder kinne minsken harren ynintsje litte tsjin Hepatitis B.