Assenaar by Drachten pakt yn stellen auto

29 des 2014 - 09:42

In 32-jierrige ynwenner fan Assen is moandeitemoarn oppakt op de A7 by Drachten om't er yn in stellen auto ried. De fertochte waard betrape by in ferkearskontrôle. De auto stie registrearre as stellen. De man is dêrop oan de kant setten.

Yn de auto fûn de plysje pepperspray, ynbrekkersark en twa stellen kentekenplaten. De Assenaar sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)