Brantsje yn tapasbar La Cubanita yn Ljouwert

29 des 2014 - 06:00

By tapasbar La Cubanita op it Saailân yn Ljouwert hat yn de nacht fan snein op moandei brân west. De brânwacht kaam mei meardere weinen nei de brân ta, mar úteinlik foel it wol ta. It fjoer wie gau ûnder kontrôle.

De minsken dy't boppe de tapasbar wenje, moasten tydlik harren appartemint út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)