Kramer wreidet foarsprong op NK allround fierder út

28 des 2014 - 15:18

Sven Kramer hat syn foarsprong op it NK allround yn Thialf fierder útwreide. Kramer klokte op de 1500 meter in tiid fan 1.46,69, goed foar it tredde plak. Syn foarsprong yn it klassemint is no hast 5 sekonden op de nûmer twa Wouter olde Heuvel. Olde Heuvel wûn de 1500 meter yn 1.46,39. It sulver gong nei Koen Verweij yn 1.46,53, dy't tredde stiet yn it klassemint.

Jorrit Bergsma einige op in knap fjirde plak op de 1500 meter mei 1.48,25 en stiet no fyfde yn it klassemint. Douwe de Vries (1.48,60) waard sechsde en stiet op it fjirde plak.

De manlju begjinne om 16.25 oan de ôfslutende 10 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)