Wüst hat fjirde NK allroundtitel foar it gripen

Ireen Wüst liket ek op de twadde dei fan it NK allround yn Thialf net te ferslaan. Se pakte mei in tiid fan 1.55,44 de winst op de 1500 meter. Dêrmei hat Wüst oant no ta alle ôfstannen wûn en hat se har fjirde nasjonale allroundtitel foar it gripen. Wüst giet de ôfslutende 5 kilometer yn mei in foarsprong fan mar leafst tweintich sekonden op de nûmer twa en trije fan it klassemint: Jorien Voorhuis en Linda de Vries.
It sulver op de 1500 meter wie foar Marrit Leenstra mei har tiid fan 1.56,44. Linda de Vries pakte mei 1.57,71 it brûns.
Yvonne Nauta einige mei har tiid fan 1.58,09 op it sânde plak op de 1500 en stiet no op it achtste plak yn it klassemint. Antoinette de Jong klokte 2.00,40 op de 1500 meter en stiet op it njoggende plak yn it klassemint. Marrit Leenstra stiet net yn it klassemint fanwege har diskwalifikaasje, sneon op de 500 meter. De rydster fan Wikel komt net mear yn aksje op de 5 kilometer.