Net útnoege gasten mei honkbalkneppel slein

28 des 2014 - 13:12

Op de Roptastate yn Ljouwert is sneontejûn let in 17-jierrige ynwenner oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling. Hy hie ferskate minsken slein mei in honkbalkneppel. Twa dêrfan wie sa swier ferwûne rekke, dat se nei de dokter moasten.

De jonge hie in feest organisearre en dêr ferskate minsken foar útnoege. Op in stuit stiene der wol tweintich oant tritich man foar de doar. De jonge fielde him bedrige en begûn mei in honkbalkneppel te slaan. Trije jongeren hawwe oanjefte dien. De jonge is oanhâlden en yn de sel set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)