Dronken samûraiman oppakt yn Tsjom

28 des 2014 - 11:50
  • Samûraiswurd

Op de Wommelserwei yn Tsjom is sneontejûn in man oanhâlden troch de plysje, omdat er op 'e dyk stie te swaaien mei grutte swurden. De man wie dúdlik ûnder ynfloed en woe net meiwurkje.

Yn syn wenning waarden troch de plysje ek noch ferskate grutte messen fûn. Dy binne yn beslach nommen en de man is oanhâlden foar it yn besit hawwen fan ferbeane wapens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)