Stapper mei in soad muoite yn de boeien slein yn Frjentsjer

Oanhâlding © ANP
Yn de Fiverstrjitte yn Frjentsjer is sneontenacht in man fan 22 jier oanhâlden, omdat er belutsen west hie by in rûzje yn in hoarekagelegenheid. De man waard poerlilk doe't er de plysjeminsken oankommen seach. Se besochten him del te bêdzjen, mar dat slagge net. Hy begong te triuwen tsjin syn freondinne en tsjin in plysjeman.
De man is mei in soad muoite yn de boeien slein en nei it plysjeburo brocht. De man sil noch heard wurde.