Sint Thomas Trailrun lûkt mear dielnimmers as ferline jier

Trailrun © Willem van Roeden
De twadde Sint Thomas Trailrun yn Nijhoarne hat in lytse fyftich dielnimmers mear lutsen as ferline jier. Mei-elkoar diene 450 minsken mei oan de fjouwer ôfstannen, fan 50, 30, 17 of 7 en in heale kilometer. De dielnimmers draafden foar 95 persint oer ûnferhurde paden, troch greiden, bou en bosk by It Hearrenfean, Ald- en Nijhoarne, Mildaam, Ketlik en Oranjewâld.
Neffens de organisaasje is de twadde trailrun neffens plan ferrûn. Der moat noch evaluearre wurde, mar de kâns is grut dat der takom jier in tredde edysje komt.