Jieroersjoch 2014: de nijstop 10 fan oktober

29 des 2014 - 07:30

Noch in pear dagen en dan is it alwer 2015. Heech tiid om werom te sjen op it belangrykste, aardichste en opfallendste nijs fan 2014. Oant en mei 31 desimber pleatse wy alle dagen in Top 10 fan in moanne, makke op basis fan meast lêzen berjochten op omropfryslan.nl en de apps. Wy binne oankaam by oktober.

1. Harnzer rydt fiif fuotgongers oan op Beursplein

In 73-jierrige man út Harns rydt op in moandeitemiddei fiif fuotgongers oan op it Beursplein yn Ljouwert. De man rydt op de brêge tsjin it ferkear yn en skept dêr de fuotgongers. Dêrnei botst er mei syn auto tsjin in oare auto. De Harnzer hat tefolle dronken. Twa fan de fiif slachtoffers reitsje swierferwûne.

2. Jeen van den Berg op 86-jierrige leeftyd ferstoarn

Begjin oktober komt âld-reedrider Jeen van den Berg op 86-jierrige leeftyd te ferstjerren. Syn sûnens is al langere tiid min. Van den Berg waard by it grutte publyk bekend doe't er yn 1954 de Alvestêdetocht wûn. Ek die er as langebaanrider twa kear mei oan de Olympyske Spelen en ried er maratons. Yn Thialf wurdt ôfskied naam fan de sportleginde.

3. Stoarm op komst, 118 auto's fuortsleept

Yn oktober hat Fryslân te krijen mei de earste hjerststoarm. By de pier fan Holwert wurde 118 auto's fuortsleept. De auto's steane parkeard by de fearboat nei It Amelân. Rederij Wagenborg fynt it net fertroud dat de auto's stean bliuwe, omdat de feardaam troch de stoarm ûnderstrûpt. Uteinlik soarget de stoarm net foar grutte problemen.

4. Frije traap fan Vic Rozendaal wurdt hit op YouTube

In frije traap fan Vic Rozendaal yn de wedstriid fan de Ljouwerter Sweltsjes tsjin VVI út Jiskenhuzen, wurdt in hit op YouTube. Benammen de wize wêrop't Rozendaal de frije traap naam, is bysûnder. De spits fan de Sweltsjes sjit de frije traap mei syn iene skonk efter syn oare skonk.

5. Kening Willem-Alexander bringt ferrassingsbesite oan AanZet

Kening Willem-Alexander bringt op 9 oktober in ferrassingsbesite oan de frijwilligersorganisaasje AanZet yn Ljouwert. De kening is dêr, omdat AanZet earder dit jier it saneamde 'Appeltje van Oranje 2014' fan it Oranje Fonds wûn hat. AanZet helpt psychysk kwetsbere minsken oan frijwilligerswurk, sadat se mear selsfertrouwen krije.

6. Twa swierferwûnen by maraton Thialf

By maratonwedstriden op Thialf gebeure op ien jûn twa slimme ûngelokken. Martin van de Pol út Amerongen rekket belutsen by in fal en dêrby wurde alle spieren, slachieren en senuwen achter de knibbel trochsnien. By de froulju brekt Jane Ravestein in wervel by in fal.

7. Boubedriuw krijt gelyk yn skeel bou De Lawei

Boubedriuw Van Norel krijt fan de rjochter gelyk yn it skeel mei De Lawei yn Drachten. De Lawei moat fan de rjochter alle iepensteande rekkens betelje. It giet om rekkens mei in totaalbedrach fan 2,3 miljoen euro. It skeel tusken de it boubedriuw en De Lawei ûntstiet, omdat de skouboarch fynt dat de bouwer syn wurk net goed docht.

8. "Alle wynmûnen yn Súdwesthoeke"

Alle wynmûnen komme yn Súdwest-Fryslân te stean, dat fynt alteast Deputearre Steaten. De measte komme yn de Iselmar (350 MegaWatt) en de oaren oan de Ofslútdyk (36 MegaWatt). De trije koälysjepartijen, PvdA, CDA en FNP steane achter it plan. Mar de steaten moatte noch wol beslute.

9. Antonov-fleantúch op Ljouwerter fleanbasis

Op 'e fleanbasis yn Ljouwert komt begjin oktober in Antonov transportfleantúch oan. It tastel bringt materiaal fan de fleanbasis nei Jordanië foar de IS-missy yn Irak. Ut Ljouwert wei wurde 250 militêren útstjoerd. Ek sille seis F'16-s fan de basis meidwaan oan de missy.

10. Epke Zonderland pakt foar twadde kear WK-goud

Turner Epke Zonderland wurdt foar de twadde kear op rige wrâldkampioen op de rekstôk. Hy hellet by it WK yn Sina 16.225 punten. Hy set in fantastyske oefening del en docht twa kear twa flechteleminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)