Wüst wint ek 3 kilometer mei oermacht op NK allround

Ireen Wüst hat sneon poerbêste saken dien by it NK allround yn Thialf. Nei winst op de 500 meter stuts Wüst op de 3 kilometer op 'e nij mei kop en skouders boppe de rest út. De rydster fan It Hearrenfean sette de tiid stil op 4.02,27 en wie dêrmei fierwei de bêste. Yvonne Nauta fan Twellingea pakte mei 4.05,11 it sulver. Brûns wie der foar Diane Valkenburg mei 4.05,30.
Antoinette de Jong fan Rottum einige mei har tiid fan 4.07,11 op it njoggende plak. Marrit Leenstra fan Wikel kaam mei 4.08,70 net fierder as it alfde plak.
Nei twa ôfstannen giet Wüst royaal oan de lieding yn it tuskenklassemint. Op it twadde plak stiet Annouk van der Weijden, folge troch Jorien Voorhuis. Yvonne Nauta fine we werom op it achtste plak. Antoinette de Jong stiet tsiende.