Nij te keap: oaljekoeken mei bearenburch

27 des 2014 - 14:10
  • Oaljekoekkening Theo Dalstra yn Ljouwert mei de bearenburch-oaljekoek

Twa Ljouwerter oaljekoekbakkers hawwe in nij produkt betocht: in oaljekoek mei bearenburch. Yn de oaljekoeken sitte rezinen dy't acht oeren lang yn bearenburch weakke binne. Dêrneist is de oanljekoek oan de bûtenkant besmard mei in laachje bearenburch.

De oaljekoeken wurde ferkocht by in kream yn Ljouwert. Omdat bearenburch in alkoholpersintaazje fan 30 prosint hat, binne se allinne te keap foar folwoeksenen. Der is belangstelling út it hiele lân wei foar de Fryske bearenburg-oaljekoek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)