Kramer krekt njonken poadium op 500 meter by NK allround

© ANP
Sven Kramer einige sneon krekt njonken it poadium op de 500 meter by it NK allround yn Thialf. Kramer klokte in tiid fan 36,70 en einige dêrmei op in dield fjirde plak. Ek Peter Groen, wenjend op It Hearrenfean sette de tiid stil op 36,70. De winst gong nei Koen Verweij, dy't in winnende tiid fan 36,15 op it boerd sette. It sulver gong ferrassend nei Lucas van Alphen mei 36,22. It brûns wie foar Jan Blokhuijsen (36,60).
Jorrit Bergsma ried in nij pr fan 38,25 goed foar it 19e plak. Douwe de Vries fan It Hearreanfean einige mei 37,23 as 11e.