Wüst oppermachtich op 500, Leenstra diskwalifisearre op NK

Ireen Wüst pakte sneon by it NK allround yn Thialf mei oermacht de winst op de 500 meter. Wüst klokte in winnende tiid fan 39.17 en liet dêrmei de konkurrinsje fier achter har. It sulver gong nei Annouk van der Weijden mei 39.68. It brûns wie foar Jorien Voorhuis, dy't de klok stilsette op 39.73.
Grutte teloarstelling wie der by Marrit Leenstra, dy't nei in falske start diskwalifisearre waard. Antoinette de Jong waard 10e mei har tiid fan 40.32. Yvonne Nauta einige mei in nij persoanlik rekôr fan 40.58 op it 13e plak.