Gewest Fryslân KNSB set yn op oplieding jonge riders

27 des 2014 - 12:32
  • Reedriden

Mei it binnenheljen fan in nije haadsponsor set it Gewest Fryslân fan de KNSB in flinke stap om ta in bettere oplieding fan jonge reedriders te kommen. Yn Victron Energy hat it gewest in sponsor fûn foar de kommende twa jier, mei in opsje op nochris twa jier.

Dêrneist slút in tal partijen him by it gewest oan om de oplieding fan de grûn te krijen. It giet dan ûnder oare om de twa oerdekte iisbanen yn Fryslân. It team-Corendon, mei ûnder oare de riders Marrit Leenstra en Koen Verweij en trainer Jan van Veen, hat ek stipe tasein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)