Helberheid Nova Zembla Experience ûndersykje

De helberens fan de plannen foar in Nova Zembla Experience yn Harns wurdt de kommende moannen tsjin it ljocht hâlden. De stichting achter de oanlis fan dit 'Doe en Experience Centrum' oan de Willemshaven hat in startsubsydzje krigen fan de provinsje om de plannen konkreet út te wurkjen.
Der wurdt sjoen nei de ynfolling foar it museum yn de eardere houtloads fan Hubert Jans en op it terrein fan in ôfbrutsen loads. Ek de troch de gemeente Harns oankochte potfisk spilet in rol yn de plannen. Dat jildt ek foar de Willem Barentsz werf.