Soad animo foar krystkuier yn Bakkefean

26 des 2014 - 14:39

Goed 1.800 minsken hawwe twadde krystdei meidien oan de krystkuier yn Bakkefean. Dat is in flink oantal mear as foargeande jierren. Doe kamen der krekt wat mear as 1.500 kuierders op ôf. Neffens de organisaasje hat de grutte opkomst benammen te krijen mei it moaie waar.

Yn Bakkefean koene minsken 5, 10 of 15 kilometer rinne. Benammen de tsien kilometer wie populêr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)