Finale stimdei foar Fryske Top 100 op radio en deitelevyzje

26 des 2014 - 13:26

Foar de Fryske Top 100 kin twadde krystdei noch stimd wurde. Yn in spesjaal program op de radio (13.00-18.00 oere) komme artysten del om te spyljen en by de telefoan te sitten. Stimme kin op de webside www.frysketop100.nl of telefoanysk (058-2123618). Belje kin tusken 14.00 en 17.00 oere. De Fryske Top 100 wurdt útstjoerd op âldjiersdei.

Under oare Marcel Smit, Country Wytske, Johannes Rypma, Iris Kroes, Hein Jaap Hilarides, Tjerk Bootsma, Wiebe Kaspers sitte op ferskate tiden klear oan de telefoan. It program is ek op deitelevyzje.

Wim Brons reizget mei Piter Wilkens troch Fryslân en docht ûnder oare Noardburgum en Droegeham oan.

Foarich jier stie op 'It bûthúsbankje' fan De Wiko's op nûmer 1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)