Dieven op 'en paad op earste krystdei

Ynbraak © Omrop Fryslân
Ynbrekkers ha op earste krystdei yn Wolvegea yn trije huzen oan de Lycklamawei yn Wolvegea har slach slein. Yn twa wenningen is ynbrutsen, by in tredde besochten de dieven om 'e nocht om yn 'e hûs te kommen. De dieven ha út ien wenning sieraden stellen.
Ek op oare plakken wienen dieven op earste krystdei op 'en paad. De plysje krige meldingen út Sondel, Dunegea, Nijlân en op De Lemmer. Yn dat lêste plak binne yn in hûs oan de Jacob de Rookstrjitte de sparpotsjes fan de bern leechhelle.