Aksje fan Brink's: pinautomaten sneon net byfolje

26 des 2014 - 10:44

De pinautomaten wurde sneon net byfolle troch de meiwurkers fan jildtransporteur Brink's. It giet om in aksje fan de fakbûnen, omdat it bedriuw net yngien is op it ultimatum fan de bûnen. Ynset is in goed sosjaal plan foar de 600 ûntsleine meiwurkers. De fêstiging fan Brink's yn Drachten mei goed 70 wurknimmers docht ek mei oan de aksjes.

Brink's moast de minsken dien jaan omdat it de Rabobank as klant ferlear, dy bank stapt oer nei Geld Service Nederland. De fakbûnen easkje dat dat bedriuw de minsken fan Brink's oernimt.

Woansdei waard bekend dat Brink's selsstannich fierder giet, it Amerikaanske memmebedriuw wol gjin jild mear stekke yn de Nederlânske poat fan it bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)