Frou (87) rydt tsjin ferkear yn op Wâldwei

26 des 2014 - 10:35

De plysje hat tongersdeitejûn op de Wâldwei in 87-jierrige frou út Drachten fan de dyk helle, om't se mei har auto tsjin it ferkear yn ried. De frou hie in ôfslach mist en wie doe omkeard. Al spoekridend wie se ûnderweis nei in oare ôfslach. Ferskate oare autobestjoerders bellen mei 112. Plysjeminsken ha de frou oan de kant set. Se is meinaam nei it buro en dêr is har rydbewiis yn beslach naam. Famylje hat har thúsbrocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)