Trio bedriget, mishannelet en fernielt yn Ljouwert

26 des 2014 - 10:29

De plysje hat freedtemoarn betiid twa Ljouwerters fan 20 en 27 jier en in tredde man fan 24 sûnder fêst adres oanhâlden. De manlju wurde fertocht fan bedriging, mishanneling en fernielings. It trio wie in wenning oan De Weaze yn Ljouwert binnenkaam en dêr waard ien fan de bewenners bedrige en mishannele. Der binne ek saken fernield en der is guod stellen. In tsjûge seach de manlju dwaande en belle de plysje. De manlju binne oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo foar neier ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)