KNMI warskôget foar glêdens yn Midden- en Súd-Nederlân

25 des 2014 - 16:40
  • Previntyf struie (argyffoto)

Minsken dy't de kommende tiid út Fryslân wei rjochting suden gean, moatte oppasse foar glêde diken. It KNMI hat op earste krystdei in warskôging ôfjûn. Dy jildt net foar de trije noardlike provinsjes. Oerisel en Flevolân. Yn de rest fan it lân kin it wol glysterich wurde troch snie. Ut it súdwesten wei komt earst wiete snie, letter folge troch droege snie.

Sneon wurdt in rûzige dei mei rein en wiete snie, meldt Weeronline. Sneintemoarn is de measte kâns op in wite wrâld yn de eastlike helte fan it hiele lân, fan Grinslân oant Limburg ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)