Krystkonsert en Margryt Poortstra by Omrop Fryslân

25 des 2014 - 14:32

Omrop Fryslân hat dizze dagen rom omtinken foar programma's yn krystsfear mei op earste krystdei op televyzje diel 1 fan in krystkonsert. Yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert trede op it Frysk Fanfare Orkest en it fokaal ensemble Koarbizznizz. It programma is te sjen fan 17.00 oere ôf en wurdt de hiele nacht en begjin twadde krystdei herhelle. Op earste krystdei is der gjin sjoernaal Hjoed.

Diel 2 fan it krystkonsert is op twadde krystdei te sjen. It konsert is twadde krystdei fan 09.00 oant 11.00 oere ek op 'e radio te hearren.

Yn it radioprogramma Buro de Vries op twadde krystdei fan 11.00 oant 12.00 oere in petear mei de Fryske skriuwster en dichteres Margryt Poortstra. Sy waard grut yn Arum en wurke yn Ermelo yn de swaksinnigesoarch en letter by it RIAGG. Margryt Poortstra wennet yn Seewolde. Har ûnderwerpen siket se tichtby. Froulju spylje yn har ferhalen faak de haardrol. Rein Tolsma praat mei Margryt Poortstra oer har skriuwen, har poëzij en de kristlike lieten dy't se skriuwt.

De hiele nacht is Douwe Heeringa mei krystmuzyk te hearren op Omrop Fryslân Radio. Mear krystmuzyk is te hearren op de ynternetradiostjoerders Koperkanaal. en Kryst mei Douwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)