Dronken autobestjoerder út de bocht by Kimswert

25 des 2014 - 11:55
  • De auto kaam op in leech haachje ta stilstân

In 67-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân is op krystnacht op de Harnzerwei by Kimswert út de bocht flein. De auto kaam mei de ûnderkant op in leech haachje ta stilstân.

Nei in blaastest die bliken dat de man tefolle dronken hie. In ademtest wie net mooglik omdat de man nei it sikehûs moast. Dêr is him in bloedproef ôfnaam. Hoe swier oft de man ferwûne rekke is, is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)