KH-keunstwurk yn Belgyske Bergen ynstoart

25 des 2014 - 10:38

In keunstwurk yn it Belgyske Bergen/Mons dat ek te sjen is yn it programma '7 stêden' fan Omrop Fryslân is ynstoart. It giet om in konstrukje mei reade houten latten. In diel dêrfan is nei ûnderen kaam. Dêr rekken gjin minsken by ferwûne.

It street-art-wurk Passenger stiet flakby de krystmerk yn Bergen. It is boud yn ferbân mei Kulturele Haadstêd dat de Belgyske stêd takom jier is. Ljouwert is yn 2018 Europeeske Kulturele Haadstêd. Yn it ramt dêrfan makke Omrop Fryslân de searje '7 stêden' oer de oare kulturele haadstêden.

Sjoch nei de ôflevering fan '7 stêden' oer Bergen

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)