Aksjes by jildtransporteur Brink's

25 des 2014 - 10:04

De fakbûnen kundigje aksjes oan by jildtransporteur Brink's. Ynset is in goed sosjaal plan foar de seishûndert ûntsleine meiwurkers. De fêstiging fan Brink's yn Drachten mei goed santich wurkninmers docht ek mei oan de aksjes. Brink's moast minsken dien jaan omdat it de Rabobank as klant ferlear. Dy bank stapte oer op in oare jildtransporteur.

De meiwurkers fan Brink's bringe it jild nei de banken ta. Wat de aksjes krekt ynhâlde, is noch net bekend. Mooglik sille lege pinautomaten net op 'e tiid byfolle wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)