Suiker Unie warskôget sûkerbytboeren foar froast

24 des 2014 - 18:59

De Suiker Unie warskôget sûkerbytboeren foar de froast dy't foarsein wurdt dit wykein. As de froast trochset moatte de sûkerbiten op 'e tiid ôfdutsen wurde om sa de kâns op befriezen foar te kommen. Njonken froast wurdt der ek snie foarsein. Yn dat gefal moatte de boeren maatregels treffe om de bitebulten goed berikber te hâlden foar de frachtweinen fan de Suiker Unie.

Boeren dy't de lêste biten noch roaie moatte, krije dêrom it advys om dat noch foar dit wykein te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)