Zeinstra ferlingt kontrakt by Cambuur

24 des 2014 - 18:39

Keeper Harm Zeinstra hat syn kontrakt by SC Cambuur mei twa seizoenen ferlingd. De 25-jierrige doelman makke yn de simmer fan 2013 de oerstap fan FC Emmen nei de Ljouwerter fuotbalklup. Zeinstra begûn earst op amateurbasis, mar krige al rap in kontrakt.

Oant no ta stie de reservekeeper acht kear yn de goal by in wedstriid fan SC Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)