Krystfiering Hearrenfean live te folgen by de Omrop

Yn de grutte sporthal fan Sportstêd Hearrenfean wurdt woansdeitejûn foar de njoggende kear in grutte krystfiering hâlden. It tema fan dit jier is 'The Voice of Christmas'. Dûmny Siebe Sijtsema wol mei dat tema ûnder oare ek in stim jaan oan minsken dy't we net sjogge. Sa sil der stikken út de bibel foarlêzen wurde troch flechtlingen.
Der bin fierder optredens fan sjongeres Iris Kroes en in grut bernekoar. De krystfiering is live te folgjen fia Omroplive.nl.