Love letters Fryslân stellen

24 des 2014 - 18:24

De letters fan I love Fryslân binne fuort. Dat meldt Friesland Tips woansdei op har twitterakkount. De grutte reade letters en it tolve meter hege en twa meter brede pompeblêd stienen op de Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert. Oft it om in nijjiersstunt giet is noch net wis.

De saneamde 'love letters' binne eigendom fan de marketingsorganisaasje Stichting Merk Fryslân. De grutte letters mei it pompeblêd en de namme Fryslân reizgje troch de hiele provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)